Teloarstelling yn Boarnsterhim

01 des 2010 - 12:11

Net elkenien is bliid mei de ferdieling fan Boarnsterhim oer fjouwer gemeenten. Tiisdei hat de ried besletten de gemeente te ferdielen oer Ljouwert, Hearrenfean, Skarsterlân en Súdwest-Fryslân. Aldeboarn sil by Hearrenfean komme en dêr binne se net bliid mei. It grutste part fan de Boarnsters wol nei Opsterlân.

Ek yn Tytsjerksteradiel is mei teloarstelling reagearre. Dat sit him yn it beslút om natuergebiet De Alde Feanen oan Ljouwert te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)