Teloarstelling by Oranjefans

10 jul 2014 - 02:25
  • Fans op it Aldehoustertsjerkhôf
  • Fans binne rap fuort nei it ferlies
  • Publyk fan de Aldehou ôf sjoen

Yn Ljouwert wie de teloarstelling tige grut nei it ferlies fan Nederlân fan Argentinië. Hast 4000 belangstellenden kamen nei it Aldehoustertsjerkhôf om de WK-wedstriid op in grut skerm te sjen. Goed twa oeren lang wie de sfear goed en oan de ferlinging ta hâlden de besikers de ferwachting dat Nederlân nei de finale gean soe.

By de penaltysearje sloech de sfear lykwols gau om. De teloarstelling en it fertriet wie by in protte minsken op it gesicht te sjen. Nei it ferlies wie it plein yn Ljouwert al gau sa goed as leech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)