Teloarstelling oerhearsket by Cambuur, ynset wol posityf

06 mrt 2016 - 20:40

SC Cambuur ferlear snein teloarstellend yn de Kuip fan Feyenoord: it waard 3-1. Dochs stie de ploech fan trainer Marcel Keizer nei santich minuten spyljen op 1-1, nei in goal fan Martijn Barto. Troch doelpunten fan Kuyt en Elia gongen de Ljouwerters úteinlik mei lege hannen nei hûs.

''En dat is zuur,'' sa seit Martijn Barto, dy't de 1-1 makke. ''Na een 1-1 mag je het niet meer weggeven, dan heb je een punt in de Kuip. Dat was hartstikke mooi geweest.''

Positive punten

De oanfaller fan Cambuur nimt dochs ek wol positive punten mei út de wedstriid tsjin Feyenoord. ''We moeten niet vergeten dat we gewoon heel goed hebben gevoetbald. 75 minuten lang staat het gewoon 1-1 en dat is onze eigen verdienste. We kunnen ons nu alleen vasthouden aan de strijd die we hebben geleverd.''

''Je hoopt op meer''

Ek by trainer Marcel Keizer oerhearske de teloarstelling. ''Als je tot een kwartier voor tijd 1-1 staat, dan hoop je op meer. Ik vond ook dat we meer verdienden. Uiteindelijk moet je het zelf doen, en dat hebben we niet gedaan.''

Ynset

De opfolger fan Henk de Jong hâldt him dochs fêst oan de ynset fan syn ploech. ''De inzet is prima, dat was tegen Zwolle zo en dat is nu weer zo. We moeten alleen nog iets extra's brengen om deze wedstrijden gelijk te kunnen spelen of te winnen.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)