Teloarstelling oer wynmûnen

09 feb 2012 - 12:54

De gemeente Lemsterlân is teloarsteld dat de Ried fan Steat alle beswieren tsjin de bou fan in grut wynmûnepark yn de Noardeastpolder ôfwiisd hat. It plan foar it park falt ûnder de krisis- en herstelwet fan it Ryk en kin dêrom mei faasje útfierd wurde.

Lemsterlân is benaud dat de 60 meter hege mûnen it útsjoch oer de Iselmar bedjerre. Dêrneist hat de gemeente mei it Ryk nea in goed petear hân oer it plan. De earste wurksumheden oan de bou fan 86 mûnen begjinne nei alle gedachten al yn maaie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)