Teloarstelling oer sluting azc's

07 feb 2003 - 00:00

Gemeenten reagearje teloarsteld op it beslút fan it COA om trije asylsikerssintra (azc's) te sluten.

"Spitich foar Kollum en omkriten," sa neamt wethâlder Koster it sluten fan De Poelpleats. De bou fan in nij azc by Kollum giet oars gewoan troch. Boargemaster Hartkamp fan Snits begrypt it beslút net. De gemeente hie eartiids sels oantrúnd op in azc en de kontakten wiene goed, sa seit er. Yn it Snitser azc is koartlyn noch ynvesteard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)