Teloarstelling oer PTC Plus

26 jan 2011 - 19:45

De Fryske polityk is teloarsteld dat de praktykskoalle PTC Plus foarearst net meidocht oan de nije Dairy Campus by Nij Bosma Zathe. It giet om in projekt fan seker tweintich miljoen euro, mar it memmebedriuw fan PTC Plus yn Oentsjerk, de Aeres Groep, krijt dêr neat fan. Dat is ek ien fan de redenen wêrom't se op it lêste momint ôfheakke binne.

Lykas deputearre Konst hawwe ek it CDA en de FNP noch altyd hoop dat it goed komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)