Teloarstelling oer net oannimmen Sionsberg moasjes

19 des 2014 - 15:26

De ChristenUnie is teloarsteld dat de ferskate moasjes foar it feilichstellen fan de spesjalistyske soarch yn Noardeast-Fryslân tongersdei net oannaam binne yn de Twadde Keamer. Keamerlid Carla Dik-Faber fan de partij tsjinne trije moasjes yn wêryn't se frege oan it regear om de plannen foar in trochstart fan it sikehûs yn Dokkum te stypjen mei in oerbrêgingsregeling. Dy moasjes waarden lykwols net oannaam. It Keamerlid fan de ChristenUnie seit ta dat se fjochtsjen bliuwe sil foar it iepenhâlden fan De Sionsberg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)