Teloarstelling oer mislearring

28 mrt 2014 - 11:44
  • Rederij Doeksen en EVT

In grutte teloarstelling. Dat is de reaksje fan boargemaster Bats fan Skylge op it mislearjen fan de ûnderhannelings tusken Doeksen en de EVT. De ôfrûne seis wiken hawwe beide partijen besocht in oplossing te finen foar de ûnderlinge striid, mar tongersdei waard bekend dat se der net útkaam binne. It like der lange tiid op út te draaien dat Doeksen de EVT oernimme soe.

It bedrach dat de EVT hawwe woe fan Doeksen wie lykwols sa heech dat Doeksen dat net betelje woe.

It mislearjen fan de ûnderhannelings hat as gefolch dat Doeksen no syn tsjinstregeling fersoberje sil. Boppedat wurdt de MS Midslân ferkocht en ferfongen troch in boat dy't op Liquified Natural Gas fart. Dat is goedkeaper en dêrtroch kin jild besparre wurde. De gemeenterieden fan Skylge en Flylân moatte noch wol akkoart gean mei de fersobering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)