Teloarstelling oer gasbeslút

26 jun 2004 - 18:01

De steatefraksje fan Kristenuny/SGP is teloarsteld oer it kabinetsbeslút foar gaswinning yn it Waadgebiet. Benammen dat der in link lein wurdt mei de kokkelfiskerij is ûnakseptabel foar de partij. It kabinet wol de kokkelders noch dit jier útkeapje. In spesiale kommisje besjocht hoe't dat moat.

De gaswinning yn it Waad smyt de kommende 20 jier 8 miljard euro op. It Noarden krijt dêr 500 miljoen foar. Dat is te min neffens de Kristenuny/SGP.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)