Teloarstelling by Oekraïners oer 'Nee' fan Nederlân

07 apr 2016 - 10:10
  • Stimbiljet Oekraïnereferindum
  • It Oekraynsk-Poals-Russyske winkeltsje yn Ljouwert

It Nederlânske 'njet' tsjin it assosjaasjeferdrach tusken Europa en de Oekraïne is in grutte teloarstelling foar de jonge Oekraïners dy't de ôfrûne jierren fochten hawwe foar mear demokrasy. Dat is de oertsjûging fan direkteur René Kremers fan Difco International. Difco is spesjalisearre yn it ûntwikkeljen fan lânbouprojekten yn Ruslân en de Oekraïne.

Yn de Oekraïne hie Nederlân in goed imago fan in modern en tige demokratysk lân. Der is dêrom net folle begrip foar it Nederlânske nee fan woansdei.

Dochs hawwe ek yn Fryslân guon Oekraïners tsjin it assosjaasjeferdrach stimd. Oksana Westerdyk stimde tsjin, omdat sy net folle betrouwen hat yn it sittende regear fan Oekraïne. Sy fynt it sittende bewâld 'korrupt'. It assosjaasjeferdrach is neffens har benammen yn it belang fan de Oekraynske machthawwers en oligarchen. De gewoane man en frou sjitte der neffens har net folle mei op. Westerdyk is fan betinken dat it lân earst sels herfoarmje moat, foardat der fiergeand gearwurke wurde kin mei de Europeeske Uny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)