Teloarstelling foar Norbruis: fan twadde nei fiifde plak

18 mrt 2016 - 22:09
  • Alyda Norbruis

It is paralympysk hurdfytster Alyda Norbruis net slagge om ek op har tredde ûnderdiel by it WK yn Italië in medalje te pakken. Norbruis siet op it ûnderdiel scratch yn in kopgroep fan fiif hurdfytsters en kaam nei fjirtich omgongen as twadde oer de finish. De sjuery sette har lykwols werom nei it fiifde plak, omdat se yn de einsprint oer de blauwe line oan de binnenkant fan de baan fytst hawwe soe.

De Sinese Sini Zeng wûn de rit, Daniela Munévar fan Kolombia skode op nei it twadde plak en Denise Schindler út Dútslân waard tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)