Teloarstelling by fans Sven

24 feb 2010 - 16:12
  • Fans yn de kroech

De fans fan Sven_Kramer wiene der tiisdeitejûn klear foar. Se sieten yn kafee De Blauwe Kater op It Fean om te sjen dat har held goud winne soe. Mar nei de dramatyske baanwiksel sloech de gesellige sfear om. Stadichoan komt it besef dat der in grutte flater makke is. It betrouwen yn in goede ôfrin einiget yn in grutte desepsje.

Ek yn Aldskoat, it plak dêr't Sven Kramer grut wurden is, binne minsken noch hieltyd fan slach. De teloarstelling is grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)