Teloarstellend SC Hearrenfean kânsleas tsjin Vitesse

13 feb 2016 - 23:29
  • Foppe de Haan

SC Hearrenfean is sneontejûn tsjin in pynlik ferlies oanrûn tsjin Vitesse. Yn Arnhem waard Hearrenfean oan stikken spile en ferlear de ploech fan Foppe de Haan kânsleas mei 3-0. Yn de earste helte iepene Denys Oliynyk nei 20 minuten de skoare. Krekt foar it skoft ferdûbele Qazaishvili de marzje. Hearrenfean koe dêr neat tsjinoer stelle. De ploech kreëarre gjin inkele kâns. Nei it skoft skoarde Qazaishvili syn twadde doelpunt út in strafskop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)