Teloarstellend lykspul foar ONS by SteDoCo

19 sep 2015 - 17:25
  • De spilers fan ONS Boso Snits

ONS Boso Snits kaam sneon net fierder as in teloarstellend 3-3 lykspul tsjin SteDoCo. Yn it Súd-Hollânske Hoornaar sette Yumé Ramos de Snitsers nei in healoere op foarsprong. ONS begûn poerbêst oan de twadde helte, doe't Danny Kamstra foar de 2-0 tekene.

Mei in strafskop kaam SteDoCo lykwols werom yn de wedstriid en makke rap dêrnei ek de lykmakker. Martijn Roosenburg soarge foar de tredde Snitser treffer, mar op 'e nij kaam de thúsploech op likense hichte. ONS moast sadwaande mei 'mar' ien punt werom nei hûs.

Troch it lykspul komt ONS op 4 punten út 5 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)