Teloarstellend lykspul foar FVC tsjin NEC

25 jan 2015 - 16:00
  • FVC

De fuotballers fan FVC kamen snein net fierder as in teloarstellend 1-1 lykspul tsjin NEC. Op eigen fjild duorre it lang foardat de Ljouwerters gefaarlik waarden. Pas nei in healoere krige René Hoen de earste kâns mei in kopbal. Foar rêst moast FVC fierder sûnder de blesearre Robin Hollander.

Nei rêst ûntsnapte de ploech fan trainer Bert Hollander oant trije kear ta oan in efterstân. Yn de 63e minút wie it wol rekke foar NEC, dat mei in strafskop op foarsprong kaam. Mei noch fiif minuten op 'e klok soarge Johannes Meijer foar de 1-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)