Teloarsteld oer slutings Trion

11 jul 2006 - 12:30

De meiwurkers fan sosjale wurkfoarsjenning Trion binne slim teloarsteld oer de sluting fan de ôfdieling hout en bou yn De Westerein en Driezum. Foar sa'n 50 wurknimmers wurdt oar wurk socht.

Troch flaters fan de direksje is it ferlies ferline jier oprûn nei 1,1 miljoen. Kollumerlân en Dantumadiel kinne dat net mear opbringe. De ûndernimmingsried is poer en moat him no oer de plannen útsprekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)