Teloarsteld oer gasboarrapport

15 mrt 2004 - 00:00

Natuerorganisaasjes lykas De Waadferiening reagearje teloarsteld op it útlekte rapport fan 'e Advyskommisje Waadseebelied. It fertroulike stik is earder útlekt as de bedoeling wie. Der stiet yn dat boarjen wol kin, as it mar skean fan de wâl ôf bart. De risiko's binne dan net grut. De provinsje is op de boarrings tsjin salang't de gefolgen foar grûndelgong, wetterpeil en feiligens fan 'e seediken net dúdlik binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)