Teloarsteld oer útstel bou

14 mrt 2012 - 12:06

Der komt foarearst gjin appartemintekompleks oan de Volmawei yn Grou. Wethâlder Van Beek fan Boarnsterhim fynt dat in miste kâns. De ried soe tiisdei prate oer de bou, mar op foarstel fan de PvdA wurdt earst besjoen wat wol en net kin yn it âlde diel fan it doarp. Van Beek fynt it net nedich om in totaalplan foar it gebiet te meitsjen. Neffens him is dat yn ferline alris dien. Ek oare plannen yn it gebiet komme op slot te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)