'Teloarsteld aksje supporters'

02 apr 2014 - 11:22

De belangeferiening fan coaches yn it betelle fuotbal fynt it hiel teloarstellend dat trainer Dwight Lodeweges opstapt is by Cambuur fanwege de kommoasje oer syn oerstap nei SC Hearrenfean. In groep Cambuursupporters bestoarme tiisdei it stadion en dizze aksje hie úteinlik as gefolch dat Lodeweges fuort opstapt is. It CBV hopet dat de oare supporters it lytse ploechje rêddraaiers dúdlik meitsje sil dat har gedrach echt net kin. It liket no dat sy beleanne wurde foar har aksjes.

De belangeferiening hat wol begryp foar it opstappen fan de trainer en fynt ek net dat er omlizzen gien is foar de bedrigings. Neffens it CBV giet it eins om organisearre misdied en is it dreech foar te kommen. De feriening praat mei de KNVB hoe't se dit soarte fan problemen yn de takomst foarkomme kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)