Tellens en Plantein tegearre fierder ûnder de namme Patyna

10 nov 2015 - 18:37

De fúzje tusken de soarchgroepen Tellens en Plantein kin trochgean. De Nederlandse Zorgautoriteit hat de oanfraach dêrfoar goedkard. Tellens en Plantein binne aktyf yn Súdwest-Fryslân, Littenseradiel, De Fryske Marren, Frjentsjerteradiel en Tytsjerksteradiel. Se har der tritich lokaasjes. Mei de fúzje wolle se ien grutte organisaasje wurde dy't de takomst oan kin.

De nije soarchgroep hjit Patyna. De 2800 wurknimmers helpe goed 3000 âldere minsken yn ferpleech- en fersoargingshuzen, en se jouwe thússoarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)