Telegraaf: Spruit is oplichter

24 nov 2010 - 09:32

Foaroanman Johannes Spruit fan de Partij foar de Bystân is neffens De Telegraaf in oplichter. Spruit soe deselde persoan wêze as Sjaak Spruit, bekend fan de Taiske nep-bruide-affêre út 1997. Spruit troggele in soad Nederlanners jild ôf.

Yn in reaksje seit Spruit dat dat Sjaak en Johannes deselde persoan is. Wol ûntkent er minsken oplichte te hawwen. Hy hat gjin strafblêd. Spruit hopet woansdei by de ferkiezings yn Súdwest-Fryslân 15 sitten te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)