Telefoansteuring yn Snits

04 feb 2011 - 11:34

Guon bedriuwen op yndustryterrein De Hemmen yn Snits sitte sûnt tongersdeitemiddei sûnder telefoan. By wurksumheden is in telefoankabel stikken gien. Telekombedriuw KPN soe de saak fannacht wer op oarder bringe, mar dat is noch net slagge.

Ien fan de dupearre bedriuwen is taksysintrale Noardwest-Fryslân. Dy wie in skoft net berikber foar klanten. De taksysintrale is no op in mobyl nûmer wer berikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)