Telefoannûmers mei fiif sifers

02 jan 2010 - 12:44
  • Nije, maklikere telefoannûmers

De gemeente Ljouwert is fan sneon ôf te berikken op in folslein nij en hiel bysûnder telefoannûmer. In nûmer besteande út mar fiif sifers: 14 058. Dêrmei is de Fryske haadstêd de earste dy't har oansletten hat by in lanlik inisjatyf dy't gemeentes makliker berikber meitsje moat.

As it oanslacht moatte yn de takomst alle gemeenten te berikken wêze troch earst 14 te draaien en dan it netnûmer fan it haadplak fan de gemeente. It idee komt út de Feriene Steaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)