Telefoannûmer foar bettere help

01 maaie 2006 - 17:38

Minsken dy't mei de gemeente Ljouwert belje, moatte fan moandei ôf better holpen wurde. De gemeente hat moandei in nij telefoannûmer yn gebrûk nommen.

Meiwurkers dy't de telefoan oannimme, moatte safolle mooglik fragen sels beantwurdzje. Minsken wurde dan minder faak trochferbûn. Meldingen oer de wenomjouwing en oer oerlêst wurde fuortdalik registreard. Doel is dat yn de takomst mear tsjinsten ôfhannele wurde op it nije nûmer 233 88 88.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)