Telefoandieven Ljouwert pakt

13 jan 2013 - 09:29
  • iPhone

De plysje hat sneontenacht yn Ljouwert fjouwer manlju út Utrecht en ien út IJsselstein oppakt, omdat se telefoans stellen hiene yn in diskoteek oan it Ruterskertier. De plysje waard ynskeakele, neidat meardere besikers har meld hiene mei dat se har telefoan kwyt wiene. Nei it besjen fan kamerabylden wie it de plysje al gau dúdlik wa't de dieven wiene, mar dy wiene doe al net mear yn de diskoteek. De plysje koe de dieven letter dy nacht oanhâlde yn de Breitnerstrjitte.

Se waarden dêr trapearre neidat de plysje in melding krigen hie oer in rúzje. De fertochten stiene by in auto, dêr't de measte telefoans yn leinen. Ien fan de fertochten hie in telefoan ferstoppe yn syn ûnderbroek. De plysje hat se allegear yn beslachnaam, krekt as de auto. Op ien nei wit de plysje fan wa't de telefoans binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)