Telefoandief gau betrape

15 jul 2011 - 21:05

De plysje hat freed in man (41) út Poalen oanhâlden omdat er in mobile telefoan stellen hie. Doe't er nei in oanriding yn Stynsgea belje woe en bliken die dat syn batterij leech wie, wiisden plysjes him op in telefoan yn syn auto. Dêrop waard de man hiel senuweftich.

De plysjes woene him helpe en ûntdutsen sa yn de kontakten yn de telefoan allegear Fryske en Nederlânske nammen. Ien fan dy nûmers wie fan de heit fan de eigner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)