Telefoan en fyts stellen

08 nov 2009 - 16:13
  • Nijs fan de plysje Fryslân

De plysje ûndersiket de dieverij fan in mobile telefoan fan in ynwenner (35) fan Sint Anne. De man fytste sneintemoarn betiid oer de Leeuwerikstrjitte yn Ljouwert. Hy waard oansprutsen troch in negroïde man mei it fersyk om even te beljen.

De 35-jierrige hold stil en sette syn fyts tsjin in lantearnepeal. Hy joech syn telefoan oan de man, mar foar't er it yn de gaten hie. naaide dy mei syn telefoan en fyts út. Hy rûn achter de man oan, mar koe him net byhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)