Tekstylsortearsintrum yn Snits docht goede saken

03 apr 2015 - 21:43
  • Meiwurkers fan Empatec oan it wurk yn it nije kleansortearsintrum

It giet goed mei it tekstylsortearsintrum yn Snits. It gearwurkingsferbân fan Caparis, Empatec, Leger des Heils en Omrin bestiet sûnt novimber 2013. Benammen ferline jier is der in soad ekstra tekstyl ynsammele. Neffens direkteur John Vernooij fan Omrin giet it sels om 25 prosint mear as oare jierren.

De oprop oan de minsken om mear klean te skieden, en net mear yn de grize bak te smiten, hat fertuten dien. Dat komt neffens Vernooij benammen om't Omrin troch hiel Fryslân ekstra ûndergrûnske konteners pleatst hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)