Tekst Skylge net fan De Genestet

10 aug 2002 - 00:00

De tekst op it monumint foar seelju op Skylge is mooglik net fan 'e dichter De Genestet. Dat sizze kenners fan it wurk fan 'e 19de ieuske dichter. Op it monumint by it Griene Strân stiet: 'zij zijn niet waarlijk dood, die in ons harte leven'. In frij bekende tekst, mar net fan De Genestet.

De namme fan 'e dichter wurdt no nei alle gedachten fan it monumint helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)