Tekoarten Welzijn Dantumadiel

20 maaie 2009 - 11:37

Dantumadiel wol sa gau mooglik dúdlik hawwe hoe't it by de Stichting Welzijn Dantumadiel der foar stiet. Der is in tekoart fan 230.000 euro en de direkteur is nei hûs stjoerd. De stichting is ferantwurdlik foar it âlderein- en jongereinbelied en hâldt him dwaande mei de soarchpleats en de pjutteboartersplakken.

In team ûnder lieding fan de gemeentesekretaris is yntusken dwaande mei in ûndersyk en sil sa gau mooglik mei de resultaten komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)