Tekoarten driigje troch jeugdsoarch yn Smellingerlân

10 jun 2015 - 17:36
  • Gemeentehûs Smellingerlân

De gemeente Smellingerlân hâldt rekken mei finansjele tekoarten as it net mear jild fan it Ryk krijt foar de útfiering fan jeugdsoarch en wmo-taken. Dat stiet yn de perspektyfnota 2016-2019. Wannear't der neat feroaret ferwachtet de gemeente yn 2019 in tekoart fan goed seis miljoen euro. De gemeenteried wurdt oproppen om alfêst nei te tinken oer mooglike besunigings.

Besparje op de eigen organisaasje is gjin opsje mear, fynt it kolleezje fan b. en w. Romte yn de begrutting is der ek net langer, seit wethâlder Nieske Ketelaar.

Smellingerlân ynvestearret de kommende jierren fyftich miljoen euro foar projekten dy't te krijen hawwe mei wenjen, wurkjen en ekonomy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)