Tekoart ûnderwiisgroep Fier

25 aug 2011 - 09:49

Underwiisgroep Fier hat ferline jier in tekoart oprûn fan 725.000 euro. Der wie rekkene op in tekoart fan in lytse ton. Fier is de organisaasje achter 20 iepenbiere basisskoallen yn Noardwest Fryslân, dy't yn 2008 byinoar gien binne.

It tekoart is ûntstien troch grutte útjeften foar húsfesting en ICT, mar ek troch min budzjetbehear. Omdat Fier in pot mei jild mei krigen hat fan de gemeenten, is der genôch eigen fermogen om it tekoart op te fangen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)