Tekoart Thialf 1.250.000 euro

15 nov 2002 - 00:00

IIsstadion Thialf op It Hearrenfean hat in finansjeel tekoart fan 1.250.000 euro. Dat hat waarnimmend direkteur Van Bekkum tongersdei sein. Thialf hat sûnt de ferbouwing fan ferline jier grutte finansjele problemen.

Benammen de strangere feiligheidseasken ha de renovaasje flink djoerder makke. Van Bekkum is drok dwaande it finansjele gat te tichtsjen. Staal Bankiers en de Rabobank soene yntusken ek al in rêdingsplan klear ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)