Tekoart sosjale saken Ljouwert

08 sep 2010 - 18:36

De gemeente Ljouwert hat oer dit jier in tekoart fan goed 3 miljoen op de begrutting fan sosjale saken. It tekoart wurdt feroarsake troch it al begrutte tekoart fan in lytse 2 miljoen, mar troch de saneamde greep fan Donner komt dêr nochris in goed miljoen by.

Minister Donner hat yn juny 458 miljoen euro út de begrutting fan sosjale saken helle en dat bedrach moat troch de gemeenten opbrocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)