Tekoart by Sosjale Saken

25 mrt 2009 - 12:07

De tsjinst sosjale saken yn Noardwest-Fryslân hat in tekoart op de jierrekken fan 2008 fan 230.000 euro. De oarsaak dêrfan is dat de foarljochting oer de ferskillende subsydzjepotsjes sa goed wurke hat, dat folle mear oanfrege is as dêr't op rekkene wie.

Minsken witte ferskate jildpotsjes hieltyd better te finen. Benammen de desimberútkearing fan 50 euro waard manmachtich oanfrege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)