Tekoart oan wetterpersoniel

16 jan 2014 - 21:46
  • Logo Wetterskip Fryslân

Troch fergrizing driget der in grut tekoart oan personiel yn de Fryske wettersektor. Allinnich al by Wetterskip Fryslân komme der de kommende fiif jier hûndert fakatueres. It tal studinten dat kiest foar in stúdzje yn de wettersektor is noch altyd te lyts om dat gat op te foljen.

Mei oare bedriuwen en ynstellings yn de sektor besiket it Wetterskip dêrom mear jongeren foar wetter te ynteressearjen. Lanlik hawwe de wetterskippen dêrom 50 stúdzjebeurzen beskikber steld foar jonge minsken dy't mei wetter oan de slach wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)