Tekoart oan jild foar diken

31 mrt 2010 - 21:34

De gemeente Snits hat in struktureel tekoart fan 3,2 miljoen foar it ûnderhâld oan diken. Dat stiet yn in finansjele notysje fan de gemeente. Wethâlder Bargboer jout ta dat der de ôfrûne jierren struktureel te min jild foar ûnderhâld oan diken bestege is.

Mei stipe fan de ried koe de slimste skea oan diken wol oanpakt wurde. It gemeentebestjoer hopet dat, as de gemeente jild oerhâldt, dat brûkt wurde kin foar ûnderhâld. Under oaren foar de skea troch de froast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)