Tekoart oan húsdokters driget

02 okt 2011 - 15:48

Fryske húsdokters sykje oplossingen foar it driigjende tekoart yn har beropsgroep. Fryslân hat no noch 340 húsdokters. Oer fiif oant tsien jier binne dat noch mar 300.

De kommende jierren giet in grut tal húsdokters mei pensjoen. Boppedat binne der de ôfrûne trije jier minder minsken oan de oplieding yn Grins begûn. In mooglike oplossing is in mobile praktyk, wêrby't in húsdokter op ferskate lokaasjes en tiden yn de provinsje sprekoere hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)