Tekoart oan gastgesinnen

14 mrt 2011 - 15:32

It is foar stifting Europa Kinderhulp Fryslân hieltyd dreger om gastgesinnen te finen. Sa dreech dat oerwage wurdt om de fakânsjes foar bern út ûnder oaren East-Europa yn te koartsjen. De Stifting Kinderhulp bestiet dit jier 50 jier en is opset om bern dy't oars net op fakânsje kinne, bygelyks troch earmoede, nei Nederlân te heljen.

De bern komme dan foar 2,3 of 5 wiken nei ús lân. Troch dat yn te koartsjen hopet de stifting dat mear minsken ree wêze sille har te melden as gastgesin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)