Tekoart oan dragers yn Froubuert

26 maaie 2006 - 14:00

De begraffenisferiening fan Froubuert en Aldesyl hat in grut tekoart oan dragers út eigen doarp. Op it stuit binne der fan de eardere ploech noch mar twa dragers oer.

Yn de jierlikse nijsbrief oan de klanten ropt de feriening belangstellenden op om har oan te melden. Ek froulike dragers binne wolkom. It tekoart komt benammen troch de fergrizing en trochdat de minsken net mear yn de doarpen sels wurkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)