Tekoart oan diriginten driget

07 des 2005 - 15:02

Fryslân hat in al jierren in tekoart oan goed opliede diriginten. Stichting Keunstwurk wol besykje mear minsken in mearjierrige diriginte-oplieding folgje te litten. No sneon wurdt der in testdei organisearre foar minsken dy't graach in offisjele oplieding folgje wolle ta koardirigint.

Wa't de twajierlikse oplieding ôfmakket krijt it diploma amateur-koardirigint. Foar de testdei hawwe har al hast 20 minsken opjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)