Tekoart oan bedriuweterreinen

17 feb 2013 - 17:03
  • Snits

Yn Snits driget binnen twa jier in tekoart oan bedriuweterreinen. Der is noch mar 10 hektare beskikber en sels yn de ekonomysk minne omstannichheden fan no is dat binnen twa jier fuort. De gemeente hat wol in útwreiding fan in pear hektares yn de planning, mar it duorret noch in pear jier foardat dat klear is.

Troch de ekonomyske krisis komme rûnom yn it lân lege plakken yn bedriuweterreinen, mar yn Snits driget no in wachtlist. It giet benammen om bedriuwen út it gebiet sels dy't graach in sichtlokaasje oan de A7 hawwe wolle.

De gemeente wol gong meitsje mei de útwreiding fan bedriuweterrein De Himmen III. De gemeenteried praat meikoarten oer it beskikber stellen fan ekstra middels foar de útwreiding fan De Himmen III.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)