Tekoart driget by VVV

16 mrt 2011 - 11:58

Der driigje finansjele tekoarten by de nije VVV-organisaasje yn Súdwest-Fryslân. De nije organisaasje moat it resultaat wêze fan in fúzje tusken de besteande VVV-organisaasjes yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

De ûnderhannelings binne geande, mar it is wol dúdlik dat de nije organisaasje minder jild krijt as de besteande. In tredde part giet fan it budzjet ôf. Dat jild giet op oan in nij provinsjaal tsjinstesintrum. Der is in terkoart fan goed 65.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)