Tekeningen Vredeman de Vries

31 okt 2012 - 12:52

It Fries Museum hat fjouwer bysûndere tekeningen fan de Ljouwerter keunstner Vredeman de Vries yn brûklien krigen. It giet om tekeningen fan de fjouwer seizoenen dy't Vredeman de Vries yn 1589 yn Dútslân makke hat. Mooglik giet it om foarstúdzjes foar brânskildere ruten.

Der hingje yn de Nederlânske musea net in soad tekeningen fan Vredeman de Vries. Wol binne in soad grafiken fan him te sjen. De fjouwer tekeningen binne eigendom fan de Ottema-Kingmastichting, dy't se foar langere tiid yn brûklien oan it museum jûn hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)