Tekening Koch nei Boalsert

20 maaie 2003 - 00:00

In foarstúdzje dy't Pyke Koch foar in portret fan Titus Brandsma makke, is tiisdei oan it nije Titus Brandsma Museum yn Boalsert jûn. De parochy yn Utrecht hat de tekening út 1960 yn permaninte brûklien jûn. De wearde wurdt rûsd op 20.000 euro.

De pastoar fan de parochy joech Koch de opdracht foar in skoalle yn Utrecht. Fanwegen de nazi-sympatyen fan Koch hat it der nea hongen. It Titus Brandsma Museum iepenet Himelfeartsdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)