Tekengilde yn Ljouwert útein

10 mrt 2011 - 16:10

It Tekengilde moat minsken dy't al langere tiid thús sitte, wer oan in baan helpe. Tongersdeitemiddei is de twadde festiging fan dit lear- en wurkbedriuw fan it lân iepene yn Ljouwert. Mei help fan in master wurde minsken oplieden ta technysk tekener.

Acht minsken út de bou dy't sûnder wurk sitte, krije by it Tekengilde in oplieding. It Tekengilde is ûnderbrocht yn it gebou fan Elkien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)