Tegeltablo A'dam hast klear

20 apr 2012 - 10:52

Tichelaar yn Makkum is begûn mei de lêste faze fan in 108 meter lang tegeltablo foar in tunnel by it Sintraal Stasjon yn Amsterdam. It giet om in replika dy't fyftich kear sa grut is as it orizjineel yn it Ryksmuseum.

Twa skilders fan Tichelaar binne in jier dwaande mei it beskilderjen fan 77.000 tegels yn Delfts Blau dy't ek bakt binne troch it bedriuw. Der komt in hege kwaliteit glazuer oerhinnen sadat graffity der gjin fet op hat. De tunnel is bedoeld foar fuotgongers en fytsers. Oer in jier moat er klear wêze.

De opdracht smyt Tichelaar 700.000 euro op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)