Tegels mei platen by Aldehou

20 apr 2007 - 15:09
  • Aldehoustertsjerkhôf wurdt in moai plein

It Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert begjint stadichoan wer wat te lykjen op in echt tsjerkhôf. Net mei grêfstiennen, mar mei grutte tegels mei ôfbyldingen. Der steane teksten en plaatsjes op dy't mei Ljouwert te krijen ha.

Der lizze no 24 stiennen mei in ôfbylding. Dat moatte der hûndert wurde. Wat dêrop komt te stean is noch net dúdlik. Mooglik dat de ynwenners fan Ljouwert der wat oer sizze meie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)