Tefredenheid oer WMO yn Súdwest-Fryslân en Littenseradiel

15 okt 2015 - 14:31

Ynwenners fan de gemeenten Súdwest-Fryslân en Littenseradiel binne tefreden oer de WMO-foarsjennings, lykas rolstuollen en kollektyf ferfier. Se jouwe de foarsjennings it sifer 7,4 en dat leit gelyk oan it lanlike gemiddelde. Dat docht bliken út in ûnôfhinklik buro-ûndersyk yn opdracht fan de gemeenten. Oan it ûndersyk diene 350 WMO-kliïnten mei.

De kliïnten binne goed te sprekken oer de kontakten dy't se ha mei de gemeenten, mar fine wol dat de ynformaasje oer de ôfhanneling fan dy petearen better moat.

Hiel tefreden binne de kliïnten oer de meiwurkers fan de húshâldlike help en de sjauffeurs fan it kollektyf ferfier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)