Tefredenheid oer konsjerzjes

28 apr 2010 - 20:28

De gemeente Ljouwert is tefreden oer de ynset fan de saneamde buertkonsjerzjes yn de wiken. De fiif konsjerzjes binne woansdei troch de gemeente yn it it sintsje set.

Sûnt begjin dit jier binne de meiwurkers yn wenwiken sichtber oanwêzich. Se binne oansprekpunt foar bewenners mei fragen en problemen. Sadwaande moat de leefberheid yn de buerten ferbettere wurde. De buertkonsjerzjes wurde betelle troch de gemeente en twa wenningkoropaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)